SC Cambuur komt yn eigen hûs net fierder as lykspul tsjin Almere City

Yn in spannende en oantreklike wedstriid is it SC Cambuur net slagge om yn eigen hûs fan Almere City te winnen. Yn de earste wedstriid fan de play-offs kamen de Ljouwerters twa kear op efterstân, mar troch in goal fan Andrejs Ciganiks einige de wedstriid yn in 2-2 lykspul.
SC Cambuur komt yn eigen hûs net fierder as lykspul tsjin Almere City
Keeper Pieter Bos © Orange Pictures
Krekt foar de wedstriid krige Cambuur in tsjinslach te ferwurkjen. Nei de warming-up die bliken dat keeper Xavier Mous dochs net fit genôch wie, Pieter Bos krige dêrom op it lêste momint te hearren dat hy yn de basis stie.

Flater fan Bos

It earste kertier gie it spul op en del, mar nei 16 minuten wie it de ploech út Almere dy't op foarsprong kaam. In ôfswaaide korner kaam foar de fuotten fan Anwar Bensabouh dy't gelyk úthelle. It skot like hâldber, mar keeper Pieter Bos beoardiele it skot ferkeard en sa einige it mei in stuit yn it goal fan de Ljouwerters.
Net folle letter tocht SC Cambuur in strafskop te krijen. Skiedsrjochter Allard Lindhout like nei de strafskopstip te wizen nei't Van Wermeskerken nei de grûn gie, mar Lindhout blike net mear as in doeltraap oan te jaan.
© Orange Pictures
Nei inkelde kânsen oan beide siden slagge it de Ljouwerters om foar de rêst op gelike hichte te kommen. De fjirde hoekskop fan de wedstriid fan Robin Maulun kaam op de holle fan Matthew Steenvoorden terjochte. Hy kopte de bal op de latte, mar Emmanuel Mbende wie der gau by om de bal it lêste triuwke te jaan: 1-1.

Cambuur wer yn efterfolging

Nei de rêst gie de wedstriid op deselde wize fierder. De wedstriid gie op en del en it wie wer Almere City dy't op foarsprong kaam. Yn de 61e minút koe Almere-spits Stijn Meijer, nei in foarset fan de rjochterkant fan Faris Hammouti, fan tichteby de 1-2 op it skoareboerd sette.
De Ljouwerters moasten wer yn de efterfolging foar de lykmakker. Noch gjin minút letter lei de lykmakker der hast al yn, mar de foarset fan David Sambissa waard troch Issa Kallon yn it sydnet sjitten.
Fiif minuten letter wie it wol raak foar de ploech fan trainer René Hake. Robert Maulun draaide fuort by syn tsjinstanner en betsjinne Andrejs Ciganiks mei in foarset op maat. Ciganiks kopte de bal hurd efter Agil Etamadi: 2-2.

Kânsen foar beide ploegen

Nei de lykmakker fan Ciganiks bleaune beide ploegen gefaarlik. Almere-middenfjilder Youri Loen syn skot gie fia in foet fan in Cambuurspiler krekt oer. Mar Cambuur wie noch it tichtste by de oerwinning. Andrej Ciganiks krige alle tiid om in hoek út te kiezen. Mar syn ynset waard troch in Almere-spiler fan de line helle.
De lêste tsien minuten fan de wedstriid wiene noch wol spannend, mar in goal waard net mear makke. Dêrtroch giet Cambuur kommende tiisdei mei in lykspul nei Almere ta foar de twadde wedstriid yn it twalûk.
SC Cambuur - Almere City 2-2 (1-1) 16. Bensabouh, 41. Mbende, 61. Meijer 68. Ciganiks
Opstelling SC Cambuur: Bos, Van Wermeskerken, Mbende, Steenvoorden, Sambissa, Schilder, Jansen, Maulun, Van Kippersluis, Robertha, Ciganiks